Sneon 12 april stie de wedstriid Rottefalle 2 – Surhústerfean 4 op it programma op Sportpark It Hagehiem. Altyd in drege tsjinstanner foar It Twadde, want de foarige 5 edysjes waarden allegear ferlern (en soms sels hiel kansleas). De útwedstriid fan dit seizoen einige yn 6-1 foar de thúsploech. Rottefalle moast deroan te leauwen tsjin de hjoeddeiske koprinner. Ferline wike waard der yn Kollum tsjin Joop Pijnacker en co. mei 4-0 kansleas ferlern. Rottefalle hie in echte ‘offday’, dêr’t de ballen regelmjittich rjochting de pleatslike ekstersnesten fleagen. Trainer Sipke wiisde by de warming-up op in oantal spilers fan Surhústerfean dy’t de foarige kear sterk wiene. Dêr moast ekstra druk op komme.
Under lieding fan debutearjend skiedsrjochter Jesper Pool begûn Rottefalle sterk oan de wedstriid. By twifeljend optreden efteryn by Surhústerfean waard der fuortendaliks druk setten, wêrtroch’t de bal foar de fuotten fan Hains kaam. Each yn each mei de keeper skeat er raak. In flugge 1-0, altyd lekker! Nei dit doelpunt bleau Rottefalle striidber, en de twadde bal wie faak foar harren. De passing wie lykwols net folle wurdich, wêrtroch’t de lêste pass foar in doelpoging ûntbruts. Ut de counters waard Surhústerfean wol gefaarlik, en dat soarge al gau foar de 1-1. Slordich balferlies foarin waard goed útspele troch Surhústerfean, en in skot waard net goed ferwurke troch Anno. Sa koe de linksbûten fan Surhústerfean de bal frij ynsjitte. Ek nei dit doelpunt bleau it wedstriidbyld itselde. Slordichheden yn de passing by Rottefalle joech Surhústerfean kânsen om te counterjen. Nei sa’n healoere waard dat Rottefalle wer fataal. In flugge counter berikte de spits fan Surhústerfean, en dy skeat knap binnen: 1-2. Ek nei dat doelpunt beseften se by Rottefalle noch net dat it better wie om rêstiger op te bouwen. Nei balferlies oan de rjochterkant fan it fjild waard de flugge linksbûten fan Surhústerfean fuortstjoerd. De iennichste opsje foar Popke om in 100% kâns foar te kommen wie om him ûnrjochtmjittich ûnderút te heljen. In penalty foar Surhústerfean! De penaltynimmer wie lykwols hiel foarspelber yn syn oanrin, en de strafskop waard in maklike proai foar Anno. Gjin 1-3 krekt foar de rêst, in hiel wichtich momint yn de wedstriid. Koart dêrnei wie it rêst.
Yn de twadde helte gjin wikselingen by Rottefalle. By de gasten wie dat oars. Mei 17 man hiene se genôch opsjes. En mei de waarmte gjin overbodige lúkse.
De earste kâns yn de twadde helte wie foar Surhústerfean, dêr’t de spits ek each yn each kaam mei Anno. Mei in goede rêding fan Anno, en dêrnei op de line troch Daniel, waard de 1-3 foarkommen. Wer in wichtich momint yn de wedstriid. Nei 20 minuten spyljen wie it Rottefalle dat juiche koe. In moaie stekpass fan Alwin brocht de bal tusken Leon en de keeper yn. Leon tikte de bal noch fluch oan, wêrtroch’t de keeper stroffele en op de grûn kaam. Dêrnei koe Leon de bal kalm ynsjitte: 2-2. Nei dit doelpunt like der wat te brekken by Surhústerfean, want de enerzjy wie fuort. Rottefalle waard nochris gefaarlik út in pear counters, ûnder oare mei in skot fan Hains op de latte, dêr’t de keeper fan Surhústerfean knap by siet.
Mar doe, miskien wol it moaiste momint fan de middei yn de eagen fan Rottefalle. Martijn seach dat de keeper wat fier foar syn goal stie, en fan 40 meter skeat er de bal prachtich oer de keeper hinne: 3-2. Grutte freugde by Rottefalle! In omslach dy’t der lang net yn siet, kaam der dochs. Ek nei dit doelpunt waard Rottefalle noch gefaarlik, en de 4-2 hie der wol yn moatten, ûnder oaren troch ûndertekene. Yn de lêste minuten wie it “froulju en bern earst” by Rottefalle, mar gelokkich hie Surhústerfean net mear de skerpe kop noch de krêft om in grutte kâns te kreëarjen. De hjoed goed liedende skiedsrjochter Pool fluitte úteinlik om 15:15 ôf foar it ein fan de wedstriid. 3 punten tsjin de koprinner, dat fielt altyd goed mei in bierke nei de tiid!
Mei 18 punten út 16 wedstriden is it foar Rottefalle foaral noflik om it seizoen restich út te baljen, want kampioen kin it net mear wurde. Wa’t kampioen wurdt is tige spannend, want it liket derop dat nimmen it wêze wol. Kollum 4, Drogeham 2, FC Surhústerfean 4, ONB 2 en sels Ryptsjerk 3 steane allegear ticht byinoar. Rottefalle giet tongersdei 17 april nei Ryptsjerk ta om it dêr in oare titelkandidaat lestich te meitsjen.
Groetnis,
Alwin Grondsma